Kollum: "Sweverich type"

11 okt 2017 - 08:50

"Goeiemoarn! Ik mei hjoed eefkes ynfalle foar swiergewicht Eelke Lok.

Ik nim jo eefkes mei werom nei seis jier lyn. Op dat stuit woene wy ús appartemint yn Den Haach ferkeapje. Der kaam sa’n boerd op it rút, we hienen moaie foto’s op Funda set en sieten der hielendal klear foar. Mar der kaam net ien. De huzemerk wie oan it ynstoarten. It duorre en it duorre mar. Wy dreamden oer in nij plak mar hoe langer it duorre hoe mear as ús dreamen ferfleagen.

Doe belle de makeler. Der soe ien komme te sjen op in moandeitemoarn. Wy út de skroeven. We seinen der dat wykein spesjaal in ôfspraak foar ôf want dat hûs moast skjin. It moast sa bot blinke dat je in sinnebril nedich hienen. Dus wy himmelje om it libben. We setten farske blomkes del, fagen de hjerstblêdsjes út it treppehûs, bjinden it balkon, en namen de dikke kater ûnder de earm, want stel dat dejinge allergysk wie. Doe wie it wachtsjen. Mar der kaam net ien. Gewoan, sûnder it te sizzen.

Twa wiken letter. Opnij beet. Wy wer himmelje, blomkes keapje en mei de kat op skoat wachtsje yn de auto. Belle de makeler: de huzebesjogger hie ôfbelle. Fiif minuten fan tefoaren. Wol fergemy. Mar dizze hie yn elts gefal noch it fatsoen om te beljen.

In pear moanne letter soe der in frou komme. We werhellen itselde ritueel. It hûs himmelje en op it momint suprême mei de dikke kater yn de auto. Tegearre efter it stjoer. De frou kaam gelokkich. En noch better, se wie entûsjast. Sa entûsjast dat se noch in kearke komme woe. Wy wienen hielendal bliid fansels, soenen we no einlik echt beet ha? De frou kaam ús hûs út, rûn werom nei har auto en de makeler kaam nei ús auto ta. We draaiden it raamke omleech. De frou wie noch net fuort, se stie rjochts foar ús parkeard. Doe spruts de makeler mei syn bulderstim de ûnnoazele wurden: "SE IS WOL IN SWEVERICH TYPE HÈ!". Dat hearde de frou. We ha har nea wer sjoen. Wat in onnoazele hin. De makeler wol te ferstean. Dizze fint ha we by it jiskefet set. En de hiele huzeferkeap ek. Nei oardel jier en in stik of 19 huzebesichtigingen hiene we ús nocht. Dan mar gjin dreamen.

It stomme is, as net ien echt entûsjast is oer je hûs, bin je dat sels ek net echt mear. As sieten we yn in fisieuze sirkel. Dat pakten we oan. We ferbouden de sliepkeamer, leinen der in nij flierke yn, ferven hjir en dêr wat, en kochten wat nije meubels. It wenne folle lekkerder. We krigen der twa bern.

En no is it tiid om fuort te gean. Hoe oars is de tiid no. It is in totaal ûntplofte wenningmerk. Us makeler neamt dizze merke “pervers”. Huzen geane as waarme brochjes.

Ik bin in bytsje senuweftich no’t ik dit skriuw. Want der stean op dit stuit mear as tweintich minsken yn ús hûs. 21 besichtigingen yn oardel oere. Dat is mear as wy earder hienen yn oardel jier.

Us nije makeler is in pittige tante, sa’n ien dy’t altyd mei har hannen yn har side stiet. Se is super-entûsjast oer ús appartemint. Dêrtroch ha we der fansels folle mear fertrouwen yn as de foarrige kear. Mar ik doar mar hiel foarsichtichjes te dreamen."

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)