Sander de Rouwe: "Kânsen foar Fryslân"

Deputearre Steaten fan Fryslân binne aardich op it skik mei it regearakkoart dat tiisdei presintearre waard. Se binne der foaral goed oer te sprekken dat der mear jild komt foar ynfrastruktuer en dat de klam komt te lizzen op lânbou, wetter en iten. Mar ek dat der ekstra jild komt foar lytse skoallen en it opknappen fan monumintale tsjerken. Ek it inisjatyf dat skoalbern op syn minst ien kear nei it Ryksmuseum moatte, is moai. Mar der is fansels ek it Fries Museum. En njonken it Wilhelmus is der ek it Frysk folksliet.