Man (35) yn Ljouwert troch misdriuw om it libben brocht

11 okt 2017 - 06:08

Oan it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert is tiisdeitejûn in swierferwûne man (35 jier) oantroffen. Doe't de plysje om goed healwei alven de melding krige en de helpferliening op gong kaam, die bliken dat de man net mear te rêden wie. Hy is ferstoarn. De plysje giet op basis fan de earste befiningen út fan in misdriuw. Der sil woansdeitemoarn in buertûndersyk opstart wurde.

Fia boargernet waard koart nei it misdriuw oproppen om út te sjen nei in blanke man mei in pitbull. Hy soe in bêzje jas oan ha en ûngefear 1.90 meter lang wêze.

Minsken dy't wat sjoen ha of mear witte kinne kontakt opnimme mei de plysje op telefoannûmer 0900-8844 of fia Meld Misdaad anoniem 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)