RIVM sil keunstgersfjilden ûndersykje

11 okt 2017 - 06:00

Der komt in ûndersyk nei de miljeurisiko's fan it rubbergranulaat yn keunstgersfjilden. It ûndersyk komt der nei oanlieding fan ûndersyk fan it programma Zembla. It sil útfierd wurde troch it RIVM en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. It RIVM is it ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu.

Yn 2007 waard rubbergranulaat talitten ûnder betingst dat wetterskippen kontrolearje soene oft it guod net foar wetterfersmoarging soargje soe. Zembla hat útsocht dat gjin inkeld wetterskip sa'n kontrôle ea dien hat. In sportfjilde-adviseur hat by tsien fjilden konstatearre dat de grûn fersmoarge is mei swiere metalen lykas sink en kobalt. It RIVM hat no witte litten dat der in ûndersyk nei fersmoarging by keunstgersfjilden komme sil. Der binne yn ús lân sa'n 1800 keunstgersfjilden mei rubbergranulaat as ûndergrûn.

Trefwurden: 
keunstgersfjild RIVM
(advertinsje)
(advertinsje)