Regearakkoart: jild foar nije bestimming âlde tsjerken

Foar it earst is it religieus erfgoed opnommen yn in regearakkoart. It nije kabinet stelt 325 miljoen euro beskikber foar de beskerming en it tagonklik meitsjen fan monuminten, keunstwurken en argiven. Dêrby is der spesjaal omtinken foar monumintale tsjerken. Yn Fryslân stean in soad fan sokke tsjerken en der komme hieltyd mear gebouwen dy't in nije bestimming hawwe moatte. It jild is dan ek dêrfoar bedoeld en net foar gewoan ûnderhâld. Dêr binne wol goede regelingen foar.
De Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen is wiis mei it jild, mar wit noch net hoe't de ferdieling krekt gean sil.