Suvelsektor wol dat stâlen mei groppen ferdwine

10 okt 2017 - 22:03

De suvelsektor wol ôf fan de saneamde groppestâlen. Under druk fan de konsumint krije melkfeehâlders fan de suvelbedriuwen te hearren dat sokke stâlen ferdwine moatte. Se soene bistûnfreonlik wêze, om't de kij fêststean. Se hawwe elk in eigen plak. Yn hiel Nederlân binne sawat 1100 stâlen mei in groppe. De eigeners binne lilk en fernuvere oer de plannen.

Sa krige boer Sytze Holtrop fan Rottum in brief fan FrieslandCampina dat se fan de groppestâl ôf wolle. Hy hat trije jier lyn noch in nije groppestâl boud en hat dêr bewust foar keazen, benammen omdat sa'n stâl folle skjinner is foar boer en kij. Holtrop is hiel tefreden mei syn stâl. It wolwêzen fan de kij is der minstens sa goed as yn in lisboksstâl, fynt er. Hy is dan ek net bliid mei de foarnimmens. Dochs tinkt er net dat er op koarte termyn syn stâl slope moat. Yn novimber binne der ynformaasjegearkomsten oer it tema, organisearre troch FrieslandCampina.

Trefwurden: 
groppe stâl suvelsektor
(Advertinsje)
(Advertinsje)