'Pikante' troufoto Frysk stel giet de wrâld oer

10 okt 2017 - 20:45

In suggestive foto fan in krekt troud Frysk stel is firaal gien op ynternet. Fotograaf Michel Klooster hie de foto op syn eigen Facebook set. Nei 1 oere knalde myn Facebook sawat útinoar fan de reaksjes, seit er yn it programma De Middei fan Fryslân. Der kamen reaksjes út binnen- en bûtenlân. It sabeare 'pikante plaatsje' waard troch 37.000 minsken traktearre op in 'tomke'. Bûtenlânske media pikten it ek op. De Huffington Post skriuwt: It stel troude op 17 augustus 'in the city of Leeuwarden', en se woene wolris wat oars as oars. En dus kaam der in setting dêr't it yn liket dat de frou orale seks hat mei de man. It idee kaam fan ien fan de memmen fan it breidspear, seit Klooster.

De New York Times hat ek online omtinken jûn oan de foto, seit Van der Klooster. Oare reaksjes kamen út Ingelân, Brazilië en Hong Kong. De Dútske krante Bild en de Dútske telefyzje hat der ek noch omtinken oan jûn. Der kamen ek wol negative reaksje, mar oer it algemien positive. It echtpear hat der sels foar keazen bûten de publisiteit te bliuwen...

Trefwurden: 
foto troufoto
(Advertinsje)
(Advertinsje)