Wat moat Fryslân dwaan om enerzjyneutraal te wurden

Fryslân wol yn 2050 enerzjyneutraal wurde. In groep fertsjintwurdigers fan oerheid en bedriuwslibben hat him dêr in jier lang oer bûgd. Foarsitter Pieter Winsemius fan dy groep presentearre tiisdeitemiddei it rapport 'Friese Energiestrategie'.
It rapport jout antwurd op de fraach hoe't de hiele provinsje enerzjyneutraal wurde kin. Bygelyks mei ierdwaarmte, enerzjy út oerflakwetter en mei wyn- en sinne-enerzjy. Boppedat moat der noch mear enerzjy besunige wurde. It is saak om de hiele Fryske befolking derfan te oertsjûgjen. Foaral yn de stêden binne de mooglikheden grut. As wy it goed oanpakke, kin de lânbou yn de takomst ek enerzjy leverje. It duorret noch mear as tritich jier foardat de enerzjyneutraliteit berikt wêze moat. Omdat de wei dêrhinne in soad ynspanning ferget, is der net folle tiid om nei te tinken.