Wettertoer Frjentsjer stiet te keap

© Vitens
De wettertoer fan Frjentsjer stiet te keap. It byldbepalende gebou oan de Ljouwerterstrjitwei is yn 1925 boud en is sa'n 48 meter heech. De wettertoer wurdt al jierren net mear yn brûkt en dêrom wol eigener Vitens no fan it bouwurk ôf. De toer is yn 1967 restaurearre en hat doe syn hjoeddeistich uterlik krigen. Minsken dy't belangstelling hawwe foar de wettertoer kinne op de webside fan Vitens in formulier ynfolje. Dêr stiet ek in filmke dat sjen lit hoe't de toer der fan binnen útsjocht.