Spitse en Folkertsma by earste kwalifikaasjewedstriid Oranje

10 okt 2017 - 17:32
Sherida Spitse yn aksje tsjin Denemarken - Foto: ANP

Sherida Spitse fan Snits en Sisca Folkertsma fan Sleat binne troch bûnscoach Sarina Wiegman selektearre foar de earste kwalifikaasjewedstriid foar it WK 2019. De Nederlânske fuotbalfroulju spylje op tiisdei 24 oktober yn Grins tsjin Noarwegen de earste kwalifikaasjewedstriid. Fiif dagen dêrfoar spilet Nederlân in oefenwedstriid yn en tsjin Eastenryk. Spitse is as oanfierder in fêste wearde by Oranje en ek Folkertsma siet by de seleksje dy't ôfrûne simmer it EK wûn. De wedstriid tsjin Eastenryk is de earste dy't de Oranjefroulju wer spylje nei it suksesfolle Europeesk kampioenskip. Dêrnei is Noarwegen dus de tsjinstanner yn de WK-kwalifikaasje. Dêrnjonken sitte ek Ierlân, Noard-Ierlân en Slowakije by Nederlân yn de groep.

(Advertinsje)
(Advertinsje)