Brân yn tsiisfabryk It Hearrenfean gau ûnder kontrôle

10 okt 2017 - 17:07
  • Brân yn tsiisfabryk op It Hearrenfean

Yn tsiisfabryk Henri Willig op It Hearrenfean hat tiiisdeitemiddei brân west. Dy ûntstie yn de elektryske boiler yn it wurkplak. Neffens de brânwacht wie der sprake fan sterke reekûntwikkeling. It hiele bedriuw is dêrom ûntromme. Nei koarte tiid koe it sein 'brân master' jûn wurde. It is noch net dúdlik hoe grut oft de skea is. 

(advertinsje)