Taalapp populêr: al 10.000 downloads

10 okt 2017 - 16:57

De app 'Stimmen fan Fryslân' is tiisdeitemoarn oer de tsientûzen downloadgrins hinne gien. De inisjatyfnimmers neame it fantastysk nijs, om't se net ferwachte hiene dat de app al sa gau sa bot brûkt wurde soe. Jorien Bakker, wurdfierder fan de Universiteit fan Grins, is tige bliid mei alle brûkers: "hoe mear minsken ynsprekke yn de app, hoe better wy de taal en dialekten ûndersykje én de komôf analysearje kinne".

Troch it súkses fan de app kin it Frysk de bêst dokumintearre taal fan Europa wurde, tinkt taalwittenskipper Nanna Haug Hilton. Ek al is de doelstelling fan 10.000 dielnimmers no berikt, oant de maitiid kinne minsken de app noch brûke. Dêrnei wurde alle gegevens fierder ûndersocht en letter yn 2018 wurde de resultaten presintearre by it Kulturele Haadstêd-projekt Lân fan Taal. Om de 10.000 dielnimmers te fieren, hawwe de inisjatyfnimmers in aksje betocht.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)