Ein fan in tiidrak: Drachtsterbrêge definityf ferline tiid
It beweechbere diel fan de Drachtsterbrêge by Ljouwert is tiisdei fuorthelle. It nije akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch makket de brêge oerstallich. It stik brêge is fuorthelle mei help fan twa grutte kranen. Yn ferbân mei it gewicht is de brêge earst mei in snijbrâner yn fjouwer stikken snijd. It wurk luts nochal wat sjoggers. De provinsje hat spesjaal foar dy minsken in tinte delset.