Deputearre Steaten wiis mei regearakkoart

10 okt 2017 - 16:41

It regearakkoart set de doar iepen foar alderhande kânsen foar Fryslân. Dat sizze Deputearre Steaten. Se binne der benammen goed oer te sprekken dat der mear jild komt foar ynfrastruktuer en dat der klam komt te lizzen op lânbou, wetter en iten. Dat binne allegearre sektoaren dy't wichtich binne foar Fryslân. Mar der binne mear saken dêr't Deputearre Steaten wiis mei binne. Bygelyks mei dat der ekstra jild komt foar lytse skoallen en it opknappen fan monumintale tsjerken. Dêr binne der in soad fan yn Fryslân.

Deputearre Steaten fine it ek in moai inisjatyf dat skoalbern op syn minst ien kear nei it Ryksmuseum moatte. Fryske bern soene eins ek nei it Fries Museum moatte, sizze se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)