Ien behearklup: Waadferiening bliid mei regearakkoart

10 okt 2017 - 15:54
Waadgebiet, achterdyk by Koehoal - Foto: Remco de Vries

De Waadferiening is bliid dat der ien behearautoriteit foar it Waadgebiet komt. It nije kabinet hat yn it regearakkoart set dat der ien organisaasje komme moat foar it behear fan it Waad. Dan kinne natuergebieten better beskerme wurde en kin dat kombinearre wurde mei in better fiskbehear, seit it kabinet.

De Waadferiening is dêr bliid mei. Der wurdt al fjirtich oer diskusjearre en no is einliks de knoop trochhakt, seit direkteur Arjan Berkhuysen. Hy sjocht it as erkeninng fan it kabinet dat der echt wat barre moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)