Wat betsjut it regearakkoart foar Fryslân?

10 okt 2017 - 16:24

Wy hawwe der lang op wachtsje moatten, mar tiisdeitemiddei wie it dan lang om let safier: der is in regearakkoart. "Minder Den Haach, mear Nederlân", dat is ien fan de motto's fan kabinet Rutte III. De nije kombinaasje fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie wol útstriele dat se der foar hiel Nederlân binne en net allinnich foar de Rânestêd. De ambysje giet noch fierder; it nije kabinet wol Rânestêd en regio letterlik en figuerlik wer mear mei-inoar ferbine.

Grutte ambysjes fan de nije regearing, en it binne net allinnich mar wurden. De regio-ambysjes binne nammentlik ek werom te finen yn in ferskaat oan plannen fan it nije kabinet:

- Plysje
De plysje krijt der 267 miljoen euro by foar wykaginten. Benammen doarpen en wiken dêr't no hast gjin plysje is moatte dêrfan profitearje. 

- Underwiis
Der komt in apart potsje om lytse skoallen yn stân te hâlden. Ek sille de besunigings op it lânbou-ûnderwiis net trochgean. ​De skoallen dy't de lânbou as fokus hawwe, sille oergean nei it ministearje fan Underwiis en dat is goed nijs foar it Nordwin College en foar hegeskoalle Van Hall-Larenstein yn Ljouwert.

​- Boeren
Der komt in fûns foar jonge boeren om in pleats oer te nimmen of te begjinnen en der komt ek wer in minister fan Lânbou.

- Tsjerken
Fierder kin ek de flage út by de Stichting Alde Fryske Tsjerken, want der komme tsientallen miljoen ekstra foar it opknappen fan monumintale tsjerken en der is gjin provinsje mei safolle âlde tsjerken en tsjerkjes as Fryslân.

- Iepenbier ferfier
It nije kabinet wol ek ynvestearje yn iepenbier ferfier. Net allinnich yn de Rânestêd, mar ek yn de regio. Op it spoar tusken Ljouwert en Zwolle komme ekstra treinen. Ek oare ferfierders as de NS moatte treinen ride litte kinne.

- Ferkear yn de regio
It kabinet komt ek mei fûnsen foar ynvestearrings yn de regio. Der komt in fûns fan 2 miljard foar ynfrastruktuer en in fûns fan 100 miljoen foar fytspaden en foar it ferkearsfeiliger meitsjen fan provinsjale diken, lykas de dyk tusken Ljouwert en Snits.

- Postboade
Fierder wol it kabinet dat de postboade op it plattelân bliuwt. Post-NL sei earder dat postbesoarging yn it bûtengebiet net mear útkin, mar kabinet Rutte III fynt dat dizze basisfoarsjenning bestean bliuwe moat.

Trefwurden: 
Rutte III regearakkoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)