Frou rydt mei drank op fanwege skiedingsstress

10 okt 2017 - 15:19
Alkoholkontrôle - Foto: ANP XTRA

In frou út Drachten hat in wurkstraf fan 70 oeren krigen omdat se mei drank op in kop-sturtbotsing feroarsake hat. De frou seit dat se bot lêst fan stress hie omdat se yn skieding lei. Dêrom hie se in soad dronken. Neffens justysje hat de frou gelok hân dat it ûngelok amper gefolgen hân hat, want foar itselde hie se ien dea riden. De frou hat yntusken help socht foar har problemen. Njonken de wurkstraf mei se in jier net autoride.

Trefwurden: 
plysje drank
(Advertinsje)
(Advertinsje)