Bommelding by twa Ljouwerter skoallen en oare skoallen yn NL

10 okt 2017 - 15:20

Twa skoallen yn Ljouwert hawwe tiisdei in bommelding krige: it Gomarus College, foar fuortset ûnderwiis, en de Willem Alexanderskoalle, in basisskoalle. Beide meldingen wiene falsk. De plysje docht op it stuit ûndersyk nei de meldingen, mar kin der fierder noch near oer sizze. Ek by oare skoallen yn it Nederlân binne falske bommeldingen binnenkaam, ûnder oare yn Haren yn Grinslân, yn Eindhoven, Den Haag en Maastricht. Dat wiene yn in tal gefallen ynternasjonale skoallen. Ek by de Hogeschool voor de Kunsten yn Utrecht waard in falske bommelding dien. De plysje ûndersiket oft der in ferbân is.

De bommelding by it grifformearde Gomarus College yn Ljouwert kaam krekt nei it middeisoere binnen by de skoalle. It gebou waard fuortendaliks ûntromme. Learlingen en meiwurkers waarden nei bûten stjoerd.

It Gomarus College hat op har webside de folgjende ferklearring pleatst nei oanlieding fan de bommelding:

"Vanmiddag rond 13.45 uur is er een bommelding geweest op het Gomarus College in Leeuwarden. Zoals afgesproken in dergelijke situaties is het schoolgebouw ontruimd. Alle leerlingen en medewerkers hebben het pand veilig verlaten. De politie is ingeschakeld en onderzoekt de situatie. Door de politie is aangegeven dat er vandaag op meerdere scholen in Nederland bommeldingen zijn binnengekomen. De kinderen mogen naar huis, maar zullen vast geschrokken zijn van wat er gebeurd is. Het is fijn wanneer ze daar thuis over kunnen praten. Morgen op school zullen we dat ook doen. We zijn dankbaar dat de kinderen veilig zijn en dat we voorbereid zijn op dergelijke situatie. Van eventuele nieuwe ontwikkelingen houden we u via deze site op de hoogte.

Update:
De politie heeft het pand gecontroleerd en geen dreiging aangetroffen. Het pand is inmiddels vrijgegeven en de lessen gaan morgen gewoon weer van start."

(advertinsje)
(advertinsje)