Arriva reizgers kinne op besite by treinbouwer yn Switserlân

10 okt 2017 - 14:04
Foto: Arriva

Ferfierbedriuw Arriva nûget reizgers út om mei te gean op wurkbesite nei de Switserske fabrikant fan de nije treinen dy't yn Fryslân en Grinslân ride sille. Se kinne dêr meiprate oer de ynrjochting fan de achttjin nije treinen. Dy wurde spesjaal foar dizze regio ûntwikkele troch fabrikant Stadler. De wurkbesite is op 20, 21 en 22 novimber en tolve reizgers kinne mei. Wa't belangstelling hat kin him fia de webside fan de ferfierder oanmelde.

Earder al mochten ynwenners nammen foar de treinen betinke. Arriva, mei it haadkantoar op It Hearrenfean, fersoarget no ek al it regionale treinferfier yn it Noarden en wûn de konsesje foar it treinferfier fan 2020 oant en mei 2035.

(Advertinsje)
(Advertinsje)