Fytser oanriden troch plysje

30 okt 2011 - 07:54

In fytser dy't yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert op de flecht sloech foar de plysje is troch in plysjeman oanriden. De plysje wie dwaande mei in kontrôle yn de binnenstêd. De fytser ried sûnder ljocht en besocht út te naaien.

Plysjeminsken setten dravend de achterfolging yn. De fytser botste by syn flecht frontaal op in auto, bestjoerd troch in plysjeman yn boarger. De fytser is mei pine yn de rêch nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
fytser plysje oanriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)