Trekheakdoppen as duorsum skoalprojekt

10 okt 2017 - 12:56

Skoallen moatte harren noch folle mear as no bewust wurde fan it belang fan duorsumens en der ek folle mear oan dwaan. Dat is de ynset fan in kampanje dy't tiisdei fan start giet op inisjatyf fan in grut tal MBO en HBO skoallen yn Fryslân. Net tafallich fansels dat dit plak fynt op de dei fan de duorsumens. Yn it gebou fan it Van Hall en it Nordwin College yn Ljouwert is ta gelegenheid hjirfan in duorsumensmerk ynrjochte. Learlingen presintearje dêr alderhanne duorsume projekten dêr't se oan wurkje.

Lykas it inisjatyf fan in groepke froulju fan de hynderoplieding fan it Nordwin College. Sy meitsje fan swalkôffal trekheakdoppen ûnder de namme 'Dop for You'. It is úteinset as in ferplichte skoalle-opdracht, mar de skoalbern fine it sa moai dat it in offisjeel bedriuw wurden is. Sa fertelt Salina Faber: "Wy fine it sa leuk, by binne der alle dagen mei dwaande. Wy ferkeapje de doppen op skoalle, op markten en op Caravana." De froulju hawwe yntusken al in goeie 25 doppen ferkocht en binne dêr tige wiis mei: "Benammen om't wy krekt úteinset binne fine wy dat al in hiel moai oantal."

Trefwurden: 
duorsum Nordwin College
(Advertinsje)
(Advertinsje)