Man falt fan in ljedder by tsjerke yn Drachten

© SR Fotografie
Op de Pier Panderstrjitte yn Drachten is tiisdeitemoarn in man slim ferwûne rekke doe't er fan in ljedder ôffoel. De man bedarre op it dak fan de roomske tsjerke De Goddelijke Verlosser, en wie dêrtroch dreech te berikken. De brânwacht moast ynskeakele wurde om by it slachtoffer te kommen. It is noch net bekend hoe't it ûngelok krekt barre koe.