Frou betrapet autodief yn de nacht

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 32-jierrige Ljouwerter oanhâlden as fertochte fan in autoynbraak yn syn wenplak. De bewenster fan in hûs oan de Anemoonstrjitte waard ôfrûne nacht wekker fan lûd by har foardoar. Doe't se nei bûten seach, wie it ljocht yn har auto oan en stie der in man by de auto. De frou spruts de man oan, dy't útnaaide. Mei help fan in goed sinjalemint koe de plysje de fertochte efkes letter yn de Goudenregenstrjitte oanhâlde. De man sit fêst foar fierder ûndersyk. De plysje freget tsjûgen om har te melden.