Sjonge yn de taal fan de klasse

10 okt 2017 - 14:35

It tradisjonele sjongfestival foar basisskoallebern yn Fryslân krijt yn 2018 in nije foarm. Dit wurdt dien om yn te spyljen op LF2018. Bern út de klassen 6, 7 en 8 wurdt frege om in eigen tekst te skriuwen op basis fan in selektearre muzyknûmer. Dizze tekst moat meartalich wêze, en de memmetaal fan alle learlingen yn de klasse moat deryn fertsjinwurdige wêze. Sa fertelt it liet it ferhaal fan de skoalle of fan de klasse. De njoggen finalisten fan Sjongfestival 2018 meie yn juny op it poadium fan CityProms yn Ljouwert harren liet hearre litte.

Njonken it nije sjongfestival hawwe basisskoallen yn Fryslân ek in grutte rol by de iepening fan LF2018. De bern en skoallen wurde frege om in filmke te meitsjen wêryn't se it ferske 'Seis oere thús' sjonge. 'Seis oere thús' is it temaliet fan LF2018. De filmkes wurde dan op freed 26 jannewaris, de dei fan de iepening, om 12 oere middeis dield op Facebook mei de hashtag 2018begjint. Sa wurdt LF2018 yn ien klap wrâldwiid.

Foar it Sjongfestival is in spesjale webside lansearre. Alle ynformaasje en mooglikheid ta ynskriuwen is te finen op www.sjongfestival.frl. It Sjongfestival wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, NEO, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)