Proef mei wetterstoftrein op spoar Ljouwert-Grins

It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Op it spoar tusken Ljouwert en Grins begjint takom jier in proef mei de earste wetterstoftrein yn Nederlân. It giet om in inisjatyf fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Dútske regio Nedersaksen. De trein wekt foar in part syn eigen stroom op en is stiller as de diseltreinen dy't no noch op it spoar ride. Sawol yn Ljouwert as yn Grins komme tankplakken foar de trein. Om't de Arrivatreinen noch relatyf nij binne en om jildfergriemerij foar te kommen, soe besteand materieel omboud wurde moatte.
Provinsjale Steaten fan Fryslân ha earder oanjûn dat bussen en treinen yn ús provinsje yn 2025 hielendal skjin ride moatte, dus elektrysk of hybride. Wetterstof soe der no as mooglikheid by komme. Noard-Nederlân soe ek ynteresse ha yn in test mei selsridende treinen.