Kollum: "Jou Noardewyn syn kloaten werom"

"Ofrûne freed wie ik yn ’e studio by Willem Wâldpyk syn programma Noardewyn Live. Dat wie net foar ’t earst. Alle eardere kearen wie it grut feest en kaam ik dêr mear as foldien wei. It programma waard wol typearre as in ‘noflike gaos’. Yn de earste oanrin like dat miskien ek wol sa. Dat kaam mei fan it bûnt ferskaat oan artysten en ûnderwerpen. It koe gean oer boeken, dûns, graffity, foarstellingen fan skoallebern en toanielstikken yn soarten en maten. Soks kaam mei ek fan de muzikanten dy’t dêr yn en út rûnen. Fan Henk Wijngaard en Frans Bauer oant Babalive, Rory Block, it Interkerkelijk Mannenkoor, O’ Kutjes en Baldrs Draumar.
It muzikale doarpsplein fan Fryslân koe gjin grinzen, gjin muorren en gjin drompels. Hiel it bûnt ferskaat fan de minskheid kaam yn de grutste ienriedigens by Willem oer de flier. Want it wie gjin gaos, mar harmony. Dat wat yn de foarste oanrin gaos like, wie yn werklikheid in harmonieus gehiel. Soks kaam folslein foar rekken fan de presintator. Op syn eigen unike, enerzjike wize skeat er fan links nei rjochts om al dy ferskillende toutsjes oaninoar te knoopjen. Dat kin allinne mar as jo gjin hokjesgeast ha. En mear as 100% oprjochte belangstelling. Dat hie de presintator. Sterker noch: dat hat er, oant op de dei fan hjoed.
Mar jim hearre wol dat ik yn de doetiid praat. Dêr is in reden foar. Willem syn programma is nammentlik fan opset feroare. Yn stee fan trije oeren echt live mei echte minsken en echte muzyk, bestiet it no foar mear as de helte fan ’e tiid út muzykfideo's. Fan saneamde top 40-artysten. Neppe muzyk fan neppe artysten dêr’t TMF yn de klipketiid noch in beaken fan kulturele heechsteandens by wie, yn retrospektyf. Troch dy oanpassing is de gong der folslein út. Foar’t Wâldpyk de kâns kriget om dwersferbannen te lizzen en op yntuysje foar ferrassings te soargjen, moat er der hieltyd wer út foar in klip. It programma is no ien grutte oanhâldende ‘coïtus interruptus’ of miskien moat ik sizze ‘coïtus reservatus’, want it klearkommen is der net mear by.
De presintator hat it programma net mear by de kloaten, omdat dy der net mear binne. Men freget jin ôf hoe’t se it yn ’e kop krije om sokke beslissings te nimmen. Nei’t ik begrepen ha is de offisjele reden dat der mear ‘struktuer’ yn komme moast yn ferbân mei de radioharkers. Dy soene it troch de snelheid fan it programma net mear folgje kinne. Mar is dêroer klage wurden? En troch hoefolle dan? En hoe ferhâldt dy eventuele groep him ta de net-kleiers, oftewol de leafhawwers? Ut myn eigen rûnten ken ik yn alle gefallen net ien dy’t de snelheid in probleem fûn. Krekt oars: dy ha it smoar yn oer de wizigings. Sa’t ien sei: ‘it liket no dy platte, ynhâldsleaze, kommersjele binde fan 538 wol’.
Dy ferwurde krekt myn miening. Dêrom dizze oprop: jou it programma fuortendaliks syn kloaten werom. Dat sadwaande Willem Wâldpyk se mei fêste hân beetkrijt en opnij it moaiste en meast unike programma fan de radio meitsje kin."