Regearakkoart wurdt tiisdei presintearre

10 okt 2017 - 07:44

Mear as 200 dagen hat it duorre, mar de regearingspartijen binne derút. Tiisdei presintearje se it regearakkoart foar de kommende fjouwer jier. De koälysje fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie hat mei 76 sitten in hiele krappe mearderheid yn de Twadde Keamer, en dêrom is it belangryk dat alle leden fan de regearingsfraksjes der mei ynstimme. Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke-akademy yn Ljouwert hat de formaasje mei belangstelling folge.

Osinga neamt it resultaat 'knap ûnderhannelwurk'. Saken dy't him it meast opfalle binne de belestingherfoarming en it hegere budzjet foar ûntwikkelingsgearwurking. De belesting op eigen huzen dy't folslein ôfbetelle binne fynt Osinga wer minder handich.

Trefwurden: 
regearakkoart Rieks Osinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)