Nij kuierpaad iepene by Wâlterswâld

09 okt 2017 - 22:45

Ynwenners fan Wâlterswâld en omjouwing kinne tenei toffelje oer in nagelnij kuierpaad. De nije oanwinst foar it doarp waard moandeitemiddei offisjeel iepene. It kuierpaad is sa'n fjouwer kilometer lang, en makket ûnderdiel út fan de nije gebietsûntwikkeling rûnom de Sintrale As. Doel fan dat projekt is it gebiet om de dyk hinne in kwaliteitsympuls te jaan.

Yn gearwurking mei de pleatslike belangen fan de doarpen is besocht hjir sa goed mooglik oan te foldwaan. It kuierpaad by Wâlterswâld is ien fan de mear as santich projekten dy't Provinsjale Steaten yn Fryslân realisearje wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)