Brânwacht ûndersiket oanpak bluswetterkrapte op de romte

09 okt 2017 - 21:37

De Brânwacht Fryslân begjint takom jier mei in ûndersyk om ta in oplossing te kommen foar de krapte oan bluswetter yn bûtengebieten. Dat seit George Kuntz, haad risikobehearsking fan de Brânwacht Fryslân.

Kuntz ûnderskriuwt it probleem dat it op ferskate plakken yn de provinsje dreech is om wetter te finen. Ofrûne sneon wie dat noch sa by de boubuorkerij fan de famylje Vogels yn Furdgum. Mei troch dit probleem baarnde de pleats hast folslein ôf. Kuntz seit dat de brânwacht wol besiket om rekken te hâlden mei it wetterprobleem op de romte By in melding fan in grutte brân wurde bygelyks altyd wetterweinen mei stjoerd. Mar neffens him is it net de bedoeling dat alle brannen op it plattelân no yn it ferfolch as grutte brân melden wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)