Wurknimmers GrainPlastics fiere foarearst gjin aksje

10 okt 2017 - 06:00

Personiel fan keunststofbedriuw GrainPlastics yn Ljouwert sil foarearst gjin aksje fiere foar bettere arbeidsbetingsten. In part fan de wurknimmers wie fan doel om bygelyks harren wurk del te lizzen, mar fielt har troch it bedriuw ûnder druk set. De leden fan fakbûn FNV sjogge dêrom foarearst fan aksjes ôf. Wurknimmers fan GrainPlastics fine dat se te min fertsjinje en dat er saken by it bedriuw net goed regele binne. Se hienen in ultimatum steld oan de direksje, mar fielen harren net frij om de aksjes troch te setten.

De meiwurkers fan GrainPlastics dy't lid binne fan it oare fakbûn, it CNV, woenen yn earste ynstânsje ek yn aksje komme. Sy sprekke no de hoop út dat de wurkjouwer mei oplossings komme sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)