Gemeente Ljouwert hat wol earen nei proef legale weedtylt

09 okt 2017 - 22:00

De gemeente Ljouwert soe graach meidwaan oan in proef mei legale weedferbou. Dat seit boargemaster Ferd Crone. It nije kabinet soe graach sjen dat yn in tal gemeenten yn Nederlân himpt ferkocht wurde mei dy't ferboud is troch legale organisaasjes. De proef moat dúdlik meitsje oft de kriminaliteit yn de himpbou dêrtroch ôfnimt, en oft legale weed minder skealike stoffen befettet. Op it stuit wurdt de ferkeap fan weed yn coffeeshops gewurde litten, mar it is net tastien om weed te ferbouwen of yn te keapjen. De diskusje oer proeven mei legale weed spilet al jierren.

Boargemaster Ferd Crone neamt de mooglike proef in trochbraak. ''Als het mag, zou de gemeente Leeuwarden graag mee willen doen aan de proef met legale wietteelt. We moeten eerst overleggen met Den Haag, maar het is een mooie kans om de wietteelt uit het criminele circuit te halen en de kwaliteit van de wiet in de gaten te kunnen houden.''

Trefwurden: 
Ljouwert Ferd Crone wyt proef
(Advertinsje)
(Advertinsje)