Nije wenbûlevaar yn Ljouwert-West iepene

Mei de iepening fan in nije wenbûlevaar hat de westkant fan Ljouwert op 'e nij in stap set yn in grutte metamorfoaze fan it gebiet. Earst kaam de nije iishal, dêr't letter it Cambuurstadion noch by komt mei tal fan ekonomyske aktviteiten dêromhinne. Moandei iepene boargemaster Crone de wenbûlevaar fan Kapenga. De realisaasje fan it projekt koe yn heech tempo plakfine om't der rap in nije hierder wie foar de eardere saak fan Kapenga; Omrin festiget dêr syn Estafette-recyclebûlevaar. Under mear de ôfkarde meubels fan Kapenga krije dêr in nije kâns.
By de iepening krige Henk Kroes fan de stichting Nij Kleaster in sjek fan 5000 euro út hannen fan nestor Piet Kapenga.