Aris ferliest fan Rotterdam

30 okt 2011 - 01:07
Foto: Omrop Fryslân

Lasaulec Aris hat tsjin de nûmer lêst Rotterdam nei ferlinging mei 85-82 ferlern. Aris koe nea loskomme yn Rotterdam. Nei 22-18, 15-18 en 21-19 kaam it oan op it lêste kwart. Mei noch in tsiental sekonden te gean stie it 73-70 foar de Ljouwerters. Calvin Chitwood makke doe in ûnnedige flater en de ferlinging wie in feit. Yn de ekstra tiid koe Aris de tsjinslach net mear goed breidzje. De thúsploech rûkte de winst en pakte dy mei de 12-9 skoare yn de ferlinging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)