Wurkstraf easke foar oanranding yn spielkeuken sikehûs

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in man út Peins is in wurkstraf fan santich oeren easke, omdat er in froulike kollega oanrand hawwe soe. Dat barde yn de spielkeuken fan it sikehûs yn Dokkum. De frou om wa't it giet, seit dat de man har beetpakt en betaast hat. De fertochte ûntkent dat. Hy seit dat er har allinnich mar holpen hat by it tillen fan swiere pûden. As er har al oanrekke hat, dan siet dêr fierder neat achter. De offisier fan justysje seit dat der genôch bewiis is dat er de frou oanrand hat.
Njonken de wurkstraf easke dy twa wike sel ûnder betingst en in skeafergoeding foar it slachtoffer. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.