FIDEO: Lêste dei foar brêgewipper Drachtsterbrêge
Hûnderttûzenen auto's en frachtweinen rieden jierrenlang oer de Drachtsterbrêge yn Ljouwert hinne, mar mei de komst fan it Escher-akwadukt is dy brêge oerstallich wurden. De brêgewipper drukte moandei foar it lêst op de knop om de brêge iepen te setten foar de skipfeart.
De oannimmer is al drok dwaande om de brêge te slopen.