FIDEO: Foarpriuwke fan útstalling oer Mata Hari

Hûndert jier nei har dea fertelt it Fries Museum yn Ljouwert it folsleine libbensferhaal fan de wrâldferneamde dûnseres en spionne Mata Hari, oftewol de Ljouwerter Margaretha Zelle. Yn oanrin nei de tentoanstelling oer har libben jout Hans Groeneweg alfêst in foarpriuwke. Hy lit it paspoart fan Mata Hari sjen en dat toant oan dat se in soad reizge, nei Frankryk en Ingelân ûnder oare.
Op 14 oktober iepenet de tentoanstelling oer Mata Hari.