Oldehokje: fûgelhûske yn de foarm fan de Aldehou

09 okt 2017 - 15:44

It is ít symboal foar Ljouwert, de Aldehou. Der binne al byldsjes fan de skeane toer en tal fan oar guod. En no is de Aldehou der ek yn de foarm fan in houten fûgelhûske, fan goed 20 sintimeter heech. Johannes de Vries fan it drainaazjebedriuw Vriemee út Ljouwert, kaam op dit idee. En lykas de echte Aldehou, moat dit hokje fansels skean yn de beam hingje. "In beam is ommers ek noait rjocht," seit Johannes de Vries. Al oardeljier lyn kaam er op it idee om wat te meitsjen as relaasjegeskink foar syn bedriuw. Mar no hat er it útfierd, ek mei it each op Kulturele Haadstêd.

"It rint stoarm"

"It stiet noch mar krekt online, mar fan it wykein rûn it al stoarm mei bestellingen, al in stik as fjirtich online en minsken kamen ek al by my oan de doar. Dat ik moast fuort oan de slach. It moat wol tusken it gewoane wurk troch, want gewoanwei leit der plastic op de freesbank. De houten platen komme op de freesbank, dan moatte se oan elkoar spikere en lime wurde en dan krije se in dompelbadsje yn beits. It moaie is datst by it ophingjen yn de beam de wetterpas net hoechst te brûken." Johannes de Vries is grutsk op syn Oldehokje. "Ik bin superbliid dat it sa fantastysk giet."

(advertinsje)
(advertinsje)