Gemeenteriedsleden meitsje har soargen oer Polderhaadkanaal

09 okt 2017 - 15:30

Riedsleden fan gemeente Opsterlân meitsje harren soargen oer it Polderhaadkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop. Sûnt 2015 meie boaten troch it Polderhaadkanaal farre. Minsken dy't oan it kanaal wenje, hawwe dêr meardere kearen suksesfol beswier tsjin makke. Se fine dat de gemeente tekoartsjit yn natuerkompensaasje. Riedslid Johan Sieswerda fan de partij Opsterlanders fynt dat de riedsleden net goed op de hichte hâlden binne troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

De gemeente Opsterlân hâldt woansdeitejûn in ekstra gearkomste oer de saak. Dêryn sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de riedsleden byprate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)