Trije goals fan Bas Dost

29 okt 2011 - 23:05

Oanfaller Bas Dost wie sneontejûn mei trije doelpunten de man fan SC Hearrenfean. It waard, wol wat flattearre, 4-0 tsjin ADO Den Haach.

Krekt foar it skoft soarge Luciano Narsingh foar de iepeningstreffer. Nei it skoft hie ADO it oerwicht, mar hie Vandenbussche in krusiale rêding op in ynset fan John Verhoek. Neidat Supusepa yn de 75-ste minút read krige en Dost dêrnei de strafskop benutte wie de wedstriid spile. Dost makke dêrnei de hattrick folslein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)