Twadde winst Jorrit Bergsma

29 okt 2011 - 22:17

Jorrit Bergsma hat de tredde wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. Yn Utrecht fersloech de reedrider fan Aldeboarn Crispijn Ariëns fan Wolvegea op de streek. Jan Maarten Heideman waard tredde. Bergsma wûn fjirtjin dagen lyn yn Amsterdam en wie ferline wike op It Hearrenfean twadde achter syn ploechmaat Bob de Vries. Yn Utrecht waard de wedstriid makke troch in kopgroep fan njoggen. Dy njoggen setten it peloton op in rûntsje. Bob de Vries waard achtste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)