Flyers winne yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
De Friesland Flyers ha sneontejûn mei 10-4 fan de nûmer lêst Amsterdam wûn. Yn de haadstêd einige de earste perioade mei 3-1 yn it foardiel fan de Flyers. Yn de twadde perioade waard it ferskil noch grutter: 8-2. Doe foelen der ek in protte tiidstraffen. Sa koene Jamie Visser en Michael Nason ûnder de dûs. De lêste perioade einige yn 2-2.
Freedtejûn hiene de Flyers op it eigen iis mei 4-3 fan Turnhout wûn. De Flyers ha no 18 punten út 9 wedstriden.