Sven Kramer rydt knappe 3 km

29 okt 2011 - 21:08

Sven Kramer hat by testwedstriden op Thialf in knappe 3 kilometer riden. Kramer kaam út op 3.42.92 en dat wie al wer rapper as de 3.44.88 fan fjirtjin dagen lyn yn Inzell. Wouter Olde Heuvel klokte 3.44.35 en Jan Blokhuijsen 3.45.08.

De 500 meter waard wûn troch Hein Otterspeer mei 35.35. Jan Smeekens einige mei 35.46 as twadde, Michel Mulder waard mei 35.76 tredde. Annette Gerritsen wûn de 1000 meter foar Margot Boer: 1.17.79 om 1.18.23.

Trefwurden: 
test Sven Kramer 3 km Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)