Frijspraak foar stellerij troch hotelmeiwurkster

09 okt 2017 - 14:58
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochter hat in 49-jierrige hotelmeiwurkster fan De Harkema frijsprutsen fan fertsjustering. De frou waard goed trije jier lyn oanhâlden yn in hotel yn Aldegea (Smellingerlân). Se soe flink wat jild stellen hawwe út de kas fan it hotel, mar neffens de rjochtbank is der net genôch bewiis. De frou wurke al njoggen jier yn it hotel. Neffens har wie it gebrûklik dat it lean kontant útbetelle waard, en hat se neat ferkeard dien.

Justysje easke twa wiken lyn in wurkstraf en in boete fan goed 18-tûzen euro. Troch de frijspraak hoecht de frou neat werom te beteljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)