Ferlies foar Harkemase Boys

29 okt 2011 - 17:22
Foto: Omrop Fryslân

Yn de topklasse spile Harkemase Boys sneon thús op sportpark de Bosk de belangrike wedstriid tsjin SVZW út Wierden. De Harkiten ferlearen de wedstriid mei 2-1. SVZW kaam yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. It fjoer ûntbruts by de Boys. Yn de twadde helte wie der mear besieling, mar fierder as in penalty fan Oebele Schokker kaam de thúsploech net.

It ferlies kaam hurd oan. De ploech fan Wieb Rodenhuis hat no 8 punten út 11 wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)