Netwurk Noardeast: "Wy hawwe de spulregels folge"

09 okt 2017 - 14:29
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Wy hawwe de spulregels folge en alle saken dy't we neilibje moatte, kreas neilibbe." Sa reagearret foarsitter Pytsje de Graaf fan Netwurk Noardeast op it nijs dat Taksy Waaksma út Koatstertille op 'e nij nei de rjochter stapt oer de oanbesteging fan it WMO- en learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân. In diel fan dy konsesje giet nei twa bedriuwen út Assen, VMNN en Dorenbos, en Waaksma is it dêr net mei iens.

"It liket der op dat Waaksma it dreech fynt om it oan oaren te gunnen", seit De Graaf. "De finansjele belangen binne grut as it giet om it nije systeem en de tydlike oerbrêging dy't miskien op 'e nij nedich is. Wy meitsje ús no foaral soargen oer de minsken dy't dit echt rekket, de kliïnten en de sjauffeurs. Sy sitte no wer yn in ûnwisse situaasje.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)