Trije konsjerzjes fan Marne College meie net oan it wurk

09 okt 2017 - 14:23

Trije konsjerzjes fan it Marne College yn Boalsert meie foarearst net oan it wurk. Dat hat te krijen mei wat de skoalle  'ûngeregeldheden yn it wurk' neamt. Wat dat ynhâldt, makket it Marne College net bekend. Neffens de skoalkoepel CVO Súdwest-Fryslân, dêr't it Marne College ûnder falt, hat it neat mei de learlingen te krijen.

Hoelang't de meiwurkers net op it wurk hoege te kommen, is ûnwis. Dat hinget ôf fan in ûndersyk dat yn gong set is, seit skoalkoepel CVO-Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)