Boer wol evaluaasje fan grutte brân yn Furdgum

Fan de brân yn Furdgum moat sa gau mooglik in evaluaasje komme. By de brân fan ôfrûne sneon gienen in skuorre en in tal loadsen mei mear as 2.000 ton oan poatierappels ferlern. De evaluaasje is nedich om de problemen mei de oanfier fan wetter yn de takomst foar te wêzen. Dat fynt Emiel Vogels, ien fan de trije eigeners fan de ôfbaarnde boubuorkerij fan de maatskip Vogels.
De brânwacht koe dêr pas nei in oere mei fjoerbestriding begjinne omdat der gjin wetter op de lokaasje beskikber wie. Dêrtroch brânde de hiele pleats sa goed as ôf. Neffens Vogels is it better om brannen yn gebieten yn it bûtengebiet fuortendaliks te melden as grutte brân. Yn dat gefal komt de brânwacht altyd mei wetterweinen of mei materieel dat wetter fan grutte ôfstân opsûgje kin.