Boete fan 20.000 euro easke tsjin REC yn Harns

09 okt 2017 - 13:33
Omrin ôffaloven, Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It Iepenbier Ministearje hat moandei in boete fan 20.000 euro easke tsjin de REC yn Harns. Dit foar it net opmerken fan in lange steuring en it net op tiid melden fan in twadde steuring. Dêrneist easke de offisier fan justysje in boete fan 5000 euro ûnder betingst mei in proeftiid fan 2 jier.

In steuring yn in fentilator waard yn 2015 pas nei 12 oeren ûntdutsen. Neffens direkteur John Vernooij fan Omrin gie it om in minsklike fout. De twadde steuring yn 2016 waard pas nei hast oardel oere melden, wylst de provinsje easket dat dat binnen in kertier moat. Yn dit gefal wie neffens Vernooij sprake fan oermacht. De direkteur wie ferbjustere dat syn bedriuw him foar de rjochter ferantwurdzje moast, wylst der ek al bestjoersrjochtlike maatregels troffen binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)