Maritime Akademy hat training oer selsmoardprevinsje hân

09 okt 2017 - 13:19

Meiwurkers fan de Maritime Akademy yn Harns ha in spesjale training hân om sinjalen te werkennen as learlingen gedachten ha om harren sels tekoart te dwaan. De ynternasjonale skipfeart hat hjir mear as gemiddeld mei te krijen. Learlingen fan de Maritime Akademy wurde oplaat as offisier en krije yn dy baan te meitsjen mei personiel dat harren tekoart docht, seit direkteur Arjen Mintjes. Troch de training kinne se better sinjalearje en petearen oangean mei minsken wêrfan sy tinke dat dy mei mentale problemen kampe.

Mintjes seit dat foaral Eastblokkers yn de skipfeart harren tekoart dogge. Njonken de Maritime Akademy dogge ek oare skoallen yn Harns mei oan de kampanje fan 113 Zelfmoordpreventie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)