Tillift foar beheinde wettersporters fernield yn Grou

© Facebook, Ritske van der Meer
Unbekenden ha de tillift foar minsken mei in beheining fan Keninklike Wettersportferiening Frisia yn Grou fernield. De kabel fan de lift is trochknipt. Dêrmei einige in moaie syldei snein neffens de wettersportferiening yn in grutte teloarstelling. Sûnder de lift kin de doelgroep net yn of út de boat komme. Der is ien treast: in sylmakker út de buert hat oanbean de skea te reparearjen.
De feriening wol it silen foar eltsenien berikber meitsje en set dêrby frijwilligers yn om minsken te begelieden. Dêrfoar is de kommisje "Alles is mogelijk" opset. De kommisje hat in soad berikt, sa as dielname fan silers oan de Special Olympics.